skip to Main Content

www.sjong.nl

SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongeren tusken 12 en 18 jier. By SjONG skriuwst in Frysktalige tekst op in besteande hit. Dêrmei dochst audysje, mei live-begelieding of mei in karaokebân.
SjONG 2019 komt der oan! By SjONG krije dielnimmers in profesjonele fideoklip, muzikale help fan bekende artysten, in VIP workshopjûn en – as se yn de finale komme – in optreden op it poadium fan Neushoorn yn Ljouwert!
De audysjes binne yn de studio’s fan ROC Friese Poort yn Drachten. Dêr wurdt in hiele fette fideoclip makke fan it optreden. Sjueryleden Janneke Brakels en Raynaud Ritsma jouwe de learlingen tips en trúks en beslute nei de audysjedagen hokker talinten troch meie nei de grutte finale yn de Neushoorn. Hjir bepaalt de sjuery wa’t de voice fan Fryslân hat en winner fan SjONG 2019 wurdt!
Fansels hawwe ek Wâldsang-learlingen de kâns om mei te dwaan oan dit muzikale aventoer!
Sjoch foar mear ynformaasje op www.sjong.nl.

Back To Top